Lantearnen Ljouwert wer klear
It probleem mei de strjitferljochting yn Ljouwert is oplost. Dat hat netwurkbehearder Enexis witte litten. Om't der wat stikken gien wie, baarnden yn ferskillende Ljouwerter wiken de strjitlantearnen al in pear wiken dei en nacht. Om it probleem te ferhelpen moast der apparatuer út Frankryk komme.
Tiisdei is dat ynstalleard en no dogge de ljochten it wer gewoan.