Adema wol mei Doutzen prate

Doutzen Kroes
Deputearre Adema wol mei Doutzen_Kroes prate oer de Sintrale As. Hy noeget har út fia syn Twitter. Hy wol yn Burgum in petear mei har ha.
It topmodel skreau in skoft lyn fia har eigen Twitter dat se tsjin de oanlis fan de Sintrale As is, de ferbiningsdyk tusken Nyegea en Dokkum. Se rôp op om ús moaie Fryslân te beskermjen. Dêrby sette se in link nei de webside fan It_Fryske_Gea. It Gea wol in dyk mei twa banen ynstee fan de fjouwer dy´t no pland steane.