Befolking groeit noch 15 jier

27 jan 2010 - 10:01

De Fryske befolking groeit op syn meast noch 15 jier. Dêrnei nimt it ôf. Nei ferwachting wenje der op it hichtpunt sa'n 660.000 minsken yn Fryslân. It stiet yn in stúdzje nei de befolkingsferwachting oant 2030. Gruttere plakken groeie wylst lytsere kearnen krimpe.

Mei dizze gegevens wol de provinsje in oanfalsplan opstelle om de krimp te kearen. Troch foarsjenningen op doarpen te hâlden, kinne minsken dêr wenjen bliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)