Oerienstimming CAO grutmetaal

De Fryske wurknimmers yn de grutmetaalsektor hoege net aksje te fieren foar in nije CAO. De fakbûnen hawwe tiisdei oerienstimming berikt mei de wurkjouwers yn de sektor. Bestjoerder Anne van Dijk fan FNV Bondgenoten is bliid dat de eask om earder op te hâlden mei wurkjen, oerein bleaun is.
Dêrneist komme der ekstra maatregels om wurk foar de sektor te behâlden en om minsken in oplieding folgje te litten.