Doarpshús ûnmisber yn Fryslân

Doarpshuzen binne ûnmisber yn Fryslân, lykas De Singel yn Achlum
Twatredde fan alle Friezen komt wolris yn it doarpshûs of buertsintrum. Benammen bern en âlderen komme der gauris. Dat seit de Stichting Doarpswurk nei oanlieding fan in lânlik ûndersyk. Ut dat ûndersyk docht bliken dat hast de helte fan de minsken yn Nederlân it ôfrûne jier wol in kear yn in mienskipssintrum west hat. Yn Fryslân is dat noch heger, omdat hjir mear lytse doarpen binne.
De measte minsken fine dat in doarpshûs of buertsintrum ûnmisber is.