Skea binnenfeart troch iisgong

De binnenfeart hat grutte finansjele skea troch it oanhâldende winterwaar. Dat wurdt neffens de sektor foaral feroarsake troch de provinsjale farferboaden. Agrifirm yn Ljouwert hat al tsientûzenen euro skea. Yn it plak fan ien binnenfeartskip moatte no fjirtich frachtweinen ride om de grûnstoffen binnen te krijen.
It bedriuw ferwachtet dat se de holle foarearst noch wol boppe wetter hâlde kin, mar hopet wol dat it gau teiwaar wurdt.