Winterwille yn Fryslân

26 jan 2010 - 15:56

No't it teiwaar op de loer leit, nimme de reedrydfanaten it der noch even fan. Want mei de strange froast fan de ôfrûne nachten kin der op hieltyd mear plakken riden wurde. Lykas op it Nannewiid by Aldehaske. Gewoanwei kin hjir as ien fan de earste plakken op natueriis riden wurde. Mar troch de bulten snie wie it te gefaarlik.

No't iis dik genôch is, hat de pleatslike iisklup in baan makke en kinne de leafhawwers it hert ophelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)