Drokte by Vitens troch froast

26 jan 2010 - 14:01

Wetterbedriuw Vitens hat it de lêste dagen ridlik drok mei it reparearjen fan beferzen wetterliedings. Monteurs hawwe it neffens in wurdfierder fan Vitens drokker as oars. En mei de froast dy't hjoed en moarn noch oanhâldt, bliuwt dy drokte ek noch wol eefkes.

Vitens ferwachtet foar de kommende dagen gjin ekstreme drokte. It bedriuw kin it wurk goed oan, omdat al it oare wurk mei de froast stilleit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)