Drachtsters koperdieven aktyf

De plysje koe de koperdieven oanhâlde
Yn Bûtenpost binne moandeitejûn twa Drachtsters oanhâlden, omdat se koperen liedings stellen hiene. In tsjûge hie se sjoen by in leechsteand hûs en belle de plysje. Doe't dy by it hûs kamen, rûkten se in gaslucht. Se skeakelen brânwacht en gasbedriuw yn.
De plysje trof de twa manlju ek. Dy seine dat se der gewoan wêze mochten en dat se it hûs leechhellen. Mar yn de kofferbak fûn de plysje ôknipte koperen liedingen. De mannen binne doe oanhâlden.