Man pakt nei achterfolging

26 jan 2010 - 09:55

De plysje hat moandeitejûn nei in lange achterfolging in man fan 35 út Warkum oanhâlden. By in kontrôle tusken Berltsum en Marsum kaam er mei 113 foarby, wylst er 80 mocht. De plysje gie achter him oan en joech him in stopteken, mar de man negearde dat.

Op syn flecht ried de man troch read en makke er noch mear oertredings. Op de dyk rjochting Boalsert ried er mear as 160. Uteinlik koe de Warkumer yn syn wenplak oanhâlden wurde. Hij is fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)