Haïty: Amelân jout 3500 euro

It gemeentebestjoer jout foar elke ynwenner in euro
De gemeenteried fan It Amelân jout ien euro de ynwenner oan de Stichting Naar School in Haïti. Trije froulju fan It Amelân setten in aksje op foar Haïty. De inisjatyfnimmers binne allegear mem fan bern dy't yn Haïty berne binne.
De gemeenteried fan It Amelân stipet de aksje, omdat it leaver jild jout oan in lyts projekt as oan Giro 555. Ien euro de ynwenner betsjut dat der 3500 euro nei de Stichting Naar School in Haïti giet.