Nije ferkaveling Fryske Wâlden

25 jan 2010 - 23:39

De Noardlike Fryske Wâlden moatte opnij ferkavele wurde. Dat is de wichtichste konklúzje fan de lânskipsfyzje 'Boer en Lânskip yn de Fryske Wâlden'.

It ûndersyk is yn opdracht fan de gemeenten Dantumadiel, Kollumerlân, Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en Smellingerlân útfierd. Boeren krije de kâns om modern te buorkjen. Troch it ferlizzen fan houtsingels kinne de kavels twa kear sa grut, sûnder it lytsskalige lânskip te skeinen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)