Grutte konserns yn Wetsus

25 jan 2010 - 23:01

De grutte konserns Siemens en General Electric wolle meidwaan yn Wetsus. Beide partijen stean op it punt in kontrakt te tekenjen om yn Ljouwert gebrûk te meitsjen fan de fasiliteiten fan it wettertechnologysintrum. Foar Wetsus is dat in moaie opstekker.

Se ha no de fiif grutste bedriuwen binnen dy't har dwaande hâlde mei de ûntwikkeling fan apparatuer foar ûnder oare skjinner drinkwetter. Wetsus kin sa better de ynternasjonale konkurrinsje oan mei oare sintra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)