Mear klups op râne fallisemint

25 jan 2010 - 20:01

Neffens Wim Sleijfer, foarsitter fan de Rie fan Kommissarissen fan Cambuur en bestjoerslid fan de earste divyzje, sil Haarlem net de lêste klup wêze dy't de holle net mear boppe wetter hâlde kin.

Foaral yn de ûnderste regioanen binne neffens Sleijfer seker fjouwer klups dy't grutte finansjele problemen hawwe. Cambuur falt dêr net ûnder. It fallisemint fan fuotbalklup HFC Haarlem kostet SC Cambuur 6 punten yn de kompetysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)