EK kuorbal: Nederlân-Dútslân

25 jan 2010 - 17:39

Op de earste dei fan it Europeesk kampioenskip kuorbal sil Nederlân yn sporthal it Kealledykje yn Ljouwert útkomme tsjin Dútslân. De lotting foar it toernoai wie moandei yn Zeist.

It EK begjint pas op 22 oktober, mar de offisjele kick-off wie moandei. Nei de wedstriid tsjin Dútslân, spilet Nederlân op 23 en 24 oktober noch yn de pûl tsjin Hongarije en Servië. De einrûndes fan it EK wurde dêrnei fan 25 oant 31 oktober yn Rotterdam spile.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)