Skip oeren fêst yn 't iis

Binnenfeartskip De Avontuur hat moandeitemiddei in pear oeren fêst sitten yn it iis by de brêge fan Dronryp. De Avontuur ferfiert slib foar it wetterskip Fryslân fan de eilannen de provinsje yn, mar koe troch it iis net mear fierder. Earder op de dei hie in iisbrekker foar it skip útfearn, mar dit wie net genôch.
By Dronryp moast der wer in iisbrekker oan te pas komme. De Avontuur rint no wat achter op skema, mar hopet tiisdei op It Hearrenfean oan te kommen.