Untslein om in plakje tsiis

25 jan 2010 - 17:20

McDonald's op 'e Lemmer hat in meiwurkster op steande foet ûntslein omdat se in kollega ûnder wurktiid in hamburger mei in ekstra plakje tsiis joech. Dat wie neffens de direksje fan de fastfoodketen tsjin de húsregels.

It draait allegearre om dat ekstra stikje tsiis dat de frou op de hamburger die. Dat waard har troch McDonald's bot oanrekkene. De kollega hie de hamburger besteld en betelle, mar omdat der ekstra tsiis op siet, wie it in tsiisburger en gjin hamburger.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)