'Dit is ús wrâld' presintearre

Fryske artysten sjonge mei-inoar 'Dit is ús wrâld'
De Fryske ferzje fan de superhit 'We are the world' is snein presintearre. In groepke Fryske artysten, lykas âld-Reboelje-sjonger Marius de Boer, Gryt Wiersma en Tet Rozendal sjonge 'Dit is ús wrâld'.
De Fryske stjerren dogge dit foar de stifting Baobab. Mei de opbringsten fan de cd-ferkeap bout de stifting skoallen yn Gambia. Der waard snein ek noch in fideoklip opnaam.