Man dupearre troch phishing

30 mrt 2012 - 19:24

In 59-jierrige Ljouwerter is fan 'e wike it slachtoffer wurden fan ynternetfraude. Tiisdei krige de man in mailtsje fan syn bank. alteast dat tocht hy. Yn it mailtsje waard er frege fanwege feilichheidsredenen opnij yn te loggen. De man die dat.

In pear dagen letter krige er in telefoantsje fan syn bank mei de meidieling dat der 3500 euro fan syn rekken ôfskreaun wie. De plysje warskôget foar dizze fraude, dy't phishing neamd wurdt.

Trefwurden: 
ynternetfraude
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)