Konst: gjin 'aaisyk-trúk'

25 jan 2010 - 12:35

De provinsje hellet gjin 'trúk' út om it aaisykjen dit jier mooglik te meitsjen. Dat seit deputearre Konst as reaksje op opmerkings fan Harm Niesen fan Faunabeskerming. De behanneling fan de boaiemproseduere oer it aaisykjen is op fersyk fan de provinsje útsteld. De behanneling soe yn febrewaris wêze, mar giet net troch omdat de advokaat fan de provinsje dan op fakânsje is.

Niesen neamde dit moandei op Omrop Fryslân radio 'in streek'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)