CDA: soargen oer ynboargerjen

25 jan 2010 - 11:24

De riedsfraksje fan it CDA yn Ljouwert makket him soargen oer it tal minsken dat yn Ljouwert meidocht oan in ynboargeringstrajekt. It doel wie dat dat der yn Ljouwert 750 wêze soene, mar it binne der mar 546.

Earder al warskôge minister Van der Laan dat de gemeenten dy't harren doelstelling net helje soene dêrfoar straft wurde soene. Dêrby waard Ljouwert ek neamd as in achterbliuwer. It CDA wol no fan wethâlder Sluiter witte wat hy oan de situaasje dwaan sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)