Kompjûterproblemen by plysje

25 jan 2010 - 10:50

Plysjeminsken kinne moandei mar beheind harren kompjûtersysteem brûke om oanjeftes te ferwurkjen. Oarsaak is in kompjûtersteuring by de Fryske plysje en noch sân oare korpsen yn Nederlân. It kompjûtersysteem wurket wol, mar is sûnt tongersdei hiel traach. Omdat de problemen noch net oplost binne, is hjoed it tal minsken dat ynlogge mei beheind.

It is noch net bekend hoelang it krekt duorje sil foardat de kompjûterproblemen hielendal oer binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)