Fandalen oanhâlden

30 mrt 2012 - 19:09

De plysje hat in tal fernielings en in stellerij dy't foarich jier oktober plakfûn, oplost. Yn de nacht fan 15 op 16 oktober waarden yn de Ljouwerter wyk Skieringen-Heechterp auto's beskeadige en bushokjes en fytsen fernield. Ek waard de kentekenplaat fan in auto ôfstellen.

Trije Ljouwerters fan 18, 19 en 22 jier binne oanhâlden. De plysje tinkt dat de trije yn dy perioade mear fernield hawwe.

Trefwurden: 
stellerij fernielings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)