De Jouwer ferliest mei 3-0

24 jan 2010 - 16:55

Sneinshaadklasser De Jouwer hat snein yn Malden mei 3-0 ferlern fan Juliana '31. De Jouwer koe 75 minuten de nul hâlde en doe gong it mis; alle doelpunten foelen yn it lêste kertier.

It wurdt foar De Jouwer dreech om dit seizoen yn de haadklasse te bliuwen. De Jousters hawwe twa punten út 14 wedstriden. Nije wike komme De Treffers út Groesbeek op besite.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)