Ferbod aaisykjen slagget net

It slagget beswiermakkers nei alle gedachten net om it aaisykjen te ferbieden. De behanneling fan de boaiemproseduere is op fersyk fan de provinsje útsteld. Dêrtroch kin it beswier fan de Faunabeskerming net foar de aaisikerstiid behannele wurde.
De reden soe wêze dat de advokaat fan de provinsje mei fakânsje is. Niessen fan de Faunabeskerming tinkt dat der mear te rêden is. Inkeld in koart pleit kin noch helpe. Dan moat der nije ynformaasje wêze en dy is der net.