Ljouwerter swier mishannele

In ynwenner (18) fan Ljouwert is sneontenacht swier mishannele yn de haadstêd. Op 'e Skrâns spruts er trije manlju oan dy't in freon fan him lestich foelen. Dêrop waard er yn it gesicht slein en dêrtroch foel er. De fertochten skopten him noch in pear kear tsjin de holle en doe naaiden se út. De Ljouwerter moast mei in ambulânse nei in sikehûs brocht wurde.
De plysje siket noch tsjûgen. Dat kin troch 0900-8844 te beljen.