Tilster mishannele yn Drachten

24 jan 2010 - 13:39

In ynwenner (23) fan Grins is yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden op de Noordkade yn Drachten. De man soe mei oaren in man (24) út Koatstertille mishannele hawwe. It slachoffer wie ferwûne oan de holle en hie in soad blauwe plakken. De man moast medysk holpen wurde. De fertochte is heard op it buro.

Tsjûgen dy't de mishanneling sjoen ha, wurde oproppen om har te melden. Se kinne belje mei 0900-8844.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)