Aksje tsjin keten Dongeradiel

24 jan 2010 - 10:51

Alle yllegale jongereketen yn Eanjum, Ie, Mitselwier, Holwert, Peazens-Moddergat en Ternaard moatte meikoarten ticht wêze. Dat docht bliken út de fyfde tuskenrapportaazje oer de jeugdketen yn de gemeente.

Dongeradiel is no al 5 jier dwaande om de keten ticht te krijen. As alternatyf wurde op in soad plakken legale jeugdhonken ynrjochte. Yn guon plakken binne dy al klear, mar yn oaren moat noch mei de bou begûn wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)