Friezen by betinking Joaden

24 jan 2010 - 09:51

Tsien Friezen dogge mei oan in spesjale betinking foar de Joaden dy't yn de oarloch omkommen binne. De betinking is organisearre troch it werinneringssintrum Kamp Westerbork.

Yn Amsterdam is sneontejûn begûn mei it foarlêzen fan de nammen fan Joaden, Roma en Sinti dy't omkaam binne. Dat duorret oant en mei 27 jannewaris. Op dy dei is it 65 jier lyn dat it ferneatigingskamp Auschwitz befrijd waard. Bussen út hiel it lân rieden jûns nei Kamp Westerbork.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)