Hearrenfean wint fan Willem II

23 jan 2010 - 23:23

Twa kear moast SC Hearrenfean yn it Abe Lenstra stadion tsjin Willem II in achterstân fuortwurkje en dat slagge mei in sterk lêste kertier: 4-2. De thúsploech wie wol baas op it eigen fjild, mar healwei wie it noch 0-0.

Frank Demouge sette Willem II op foarsprong. Michel Breuer soarge koppend foar de 1-1 en Stef Nijland wer foar de 1-2. Paulo Henrique makke yn de 77ste minút de lykmakker. Hernan Losada en opnij Paulo Henrique soargen foar de 4-2 einstân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)