Snitser pakt plysje by de kiel

In Snitser (20) hat freedtenacht in plysjeman by de kiel pakt. By in kafee wie spul om't in groep fan 6 minsken it kafee net mear ynmocht. De plysje krige se safier dat se fuort giene, mar de Snitser besocht it kafee wer yn te kommen.
Doe't de portier him tsjinhâlde, waard de man ferfelend. Doe't de plysje tusken beide kaam, pakte er in plysje by de kiel en knypte dy hurd ticht. Hy bedrige en misledige de plysje ek. De man is fêstset op it buro.