Nij plan fan ielfiskers

23 jan 2010 - 13:26

De ielfiskers hoopje mei in nij plan wer in duorsume fiskerij op de iel mooglik te meitsjen. Der mei in tal moannen net fiske wurde op de iel fan it ministearje om de soart te rêden. Dêr binne de fiskers it net mei iens.

Se kamen earder al mei it idee om in soad iel fan it binnenwetter oer de dyk yn see los te litten, mar wol troch te fiskjen. Dat plan sneuvele. No besykje se it op 'e nij mei in breder plan wêrby't ek de supermerken en oare partijen yn behelle wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)