Kompjûterprobleem by plysje

23 jan 2010 - 09:41

De kompjûters fan de Fryske plysje en de korpsen yn de rest fan Noardeast-Nederlân hawwe al in pear dagen lêst fan in steuring. As gefolch dêrfan moatte oanjeftes op it buro mei de hân opnommen wurde. Fia ynternet oanjefte dwaan slagget wol.

De steuring hat gjin gefolgen foar de needhelpferliening. Wol is it sykjen nei fertochten yn databases in probleem. Troch it kompjûtermankemint kin it gebeure dat minsken wachtsje moatte foar't se oanjefte dwaan kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)