Gordykster talint nei finale

23 jan 2010 - 09:08

Kim Stolker fan De Gordyk hat freedtejûn de finale fan de tillevyzjetalinteshow Popstars helle. Se moat it yn de finale opnimme tsjin trije oare kandidaten.

Stolker helle de finale mei in suksesfol optreden. Se song in nûmer fan Lucie Silvas en krige dêrfoar fan de sjuery twa 9's en in 10. Ien fan de sjueryleden neamde Stolker 'de kers op de Popstars-taart'.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)