Rekôrgoal foar SC Cambuur

22 jan 2010 - 22:10

De goal nei njoggen tellen fan Cambuur-spiler Reza Ghoochannejhad tsjin Veendam is in rekôr yn de skiednis fan Cambuur. Noch nea hat in Cambuurspiler sa gau nei it begjinsinjaal in treffer makke. Dochs binne der yn de skiednis fan it betelle fuotbal flugger goals makke.

Cees van Ierssel fan De Baronie hat it nasjonale rekôr. Hy skoarde yn 1968 nei sân tellen tsjin De Graafschap yn de twadde divyzje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)