Ynboargering Ljouwert op skema

22 jan 2010 - 20:50

De ynboargering fan de allochtoane Ljouwerters leit goed op skema. Yn de perioade fan 2007 oant 2009 hawwe hast 1200 minsken yn it trajekt meidien. Yn 't foar wie de doelstelling 750 dielnimmers, sadat de stêd foar op it skema leit.

Dêrmei hoecht de gemeente him net folle oan te lûken fan krityk fan minister Van der Laan dy't fynt dat gemeenten te min oan ynboargering dogge. Wol hâldt de gemeente in oare telling oan as it Ryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)