Gelokkige winst foar Cambuur

22 jan 2010 - 20:28

Sportklup_Cambuur hat de earste wedstriid nei de winterstop op gelokkige wize wûn. Tsjin Veendam waard it 1-0. De goal foel al nei 9 sekonden en kaam fan de foet fan debutant Reza Ghoochannejhad. Dy spile om't Mark de Vries blessearre wie.

It spul fan Cambuur bleau de earste helte noch aardich, mar foel yn de twadde helte fier werom. Cambuur hie gelok dat Veendam net skoarde. Fierder as in skot op de peal fan Hemmen kamen de Veendammers net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)