Oanhâlding foar mishanneling

22 jan 2010 - 19:51

De plysje hat freedtemiddei op It Hearrenfean in 27-jierrige ynwenner fan dat plak oanhâlden op fertinking fan mishanneling en bedriging. Hy soe in 55-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean slein en bedrige ha.

It slachtoffer wie mei in oare man yn de wenning fan de fertochte, doe't se spul krigen. In tjûge hat 112 belle. De plysje koe de man letter oanhâlde. Hy sit fêst foar ferhoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)