Hinder knooppunt H'fean

22 jan 2010 - 15:17

Rykswettersteat is freed en sneon op it knooppunt Hearrenfean dwaande mei it reparearjen fan de froastskea oan de A32 en de A7. Under de wurksumheden is it knooppunt fan freedtejûn 21.00 oere oant te sneontemiddei 17.00 oere diels ticht foar ferkear.

It giet om ferkear op de A32 fan It Fean nei Ljouwert, ferkear op de A32 fan It Hearrenfean nei De Jouwer en ferkear op de A7 fan De Jouwer nei It Hearrenfean. It ferkear wurdt dan omlaat oer bedriuweterrein IBF.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)