Politikus wol net op stimburo

Moatte jo as fraksjefoarsitter fan in politike partij dy't meidocht oan de gemeenteriedsferkiezings al of net helpe op it stimburo? Neffens de wet mei it en binne der goede regels foar.
ChristenUnie listlûker yn Lemsterlân Haaije de Jong sjocht it oars. Hy helpt dit jier net. Dat hat alles te krijen mei it hânmjittich tellen fan de stimmen. De Kiesried dy't ûnder oare advys jout oer ferkiezings oan oerheden sjocht gjin probleem.