Jagdewsing ferlit Avanti

22 jan 2010 - 13:17

Anand Jagdewsing sil sealfuotbalferiening Avanti út Stiens per 1 febrewaris ferlitte. De trainer kin syn wurksumheden net langer kombinearje mei syn maatskiplike karriêre.Jagdewsing set yn febrewaris út ein mei in nije baan.

De suksesfolle trainer út Noard-Hollân makke yn juny 2008 de oerstap nei de Stienzers en promovearre nei de Topdivysje. Assistint-trainer Jappie de Vries nimt de taken fan Jagdewsing foarearst oer.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)