Friezen stappe ôf yn Australië

Wim Stroetinga
Der dogge gjin Fryske hurdfytsers mear mei yn de Tour Down Under yn Australië. Wim Stroetinga fan Aldeberkeap wie freed de twadde en lêste Fries dy't der de brui oan joech. Hy hie lêst fan búkklachten en koe net fierder. Harekyt Pieter Weening stapte tongersdei om deselde reden ek al ôf.
De búkklachten hawwe nei alle gedachten te krijen mei it hite waar yn Súd East Australië dêr't de ronde hâlden wurdt.