Pama somber oer Jupiler League
Cambuur-direkteur Alex Pama liedt de needklok foar de Jupiler League, ek wol bekend as de earste divyzje. Neffens Pama giet it striemin en hat de resesje it betelle fuotbal hurd troffen.
Hast alle klups stiet it wetter oan de lippen ta. Der moat flink besunige wurde oars stiet in kollektyf fallisemint fan de Jupiler League foar de doar.