Oenema nei Olympyske Spelen

Thijsje Oenema definityf nei Vancouver
Thijsje Oenema fan De Jouwer hat har freed yn Thialf op oertsjûgjende wize pleatst foar de Olympyske Spelen. Se wûn twa kear de 500 meter fan Marianne Timmer. Oenema ried 39,41 en 39,66, wylst Timmer net fierder kaam as 40,29 en 40,36. Beide reedrydsters strieden om in plakje foar de Olympyske Spelen yn Vancouver aanst yn febrewaris.
Timmer moat moandei noch tsjin Natasja Bruintjes en Ireen Wüst ride om in Olympysk ticket op de 1000 meter.