Hynder deariden

22 jan 2010 - 10:47

By in oanriding op de Leidijk by Donkerbroek is tongersdeitejûn in hynder deariden. It hynder rûn los oer de dyk. De bestjoerder fan in auto koe it bist net ûntwike. Troch de klap rekke it hynder swier ferwûne. It ferstoar efkes letter oan de ferwûnings.

De auto rekke swier skansearre, de bestjoerder kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)