Soad âlders by ynformaasjejûn
De Van Kleffensskoalle sil nochris sjen nei it feiligensbeleid, mar kin noch net tasizze dat de doarren altyd op slot komme. In soad âlders wolle dat graach nei it ynsident fan 'e wike wêrby't in skieden heit op it skoalplein stie te swaaien mei in mes. Hy woe syn soantsjes ophelje. Ek wolle de âlders graach hearre wannear't er wer frijkomt. Dat is tasein.
Fierder wie der applaus foar it optreden fan de plysje op de ynformaasjejûn.