Frysk talint nei McLaren

Nyck de Vries
De 14-jierrige Nyck de Vries fan Twellingea hat in kontrakt tekene by it Britske McLaren raceteam. De Vries wurdt opnommen yn it talinteprogramma fan it team. Hy sil dêr begelaat wurde troch de heit fan âld-Formule 1 wrâldkampioen Lewis Hamilton. It racetalint is op dit stuit yn syn leeftiidskategory in grutheid op de kartbaan.
Yn de KF3 wûn hy al twa kear de World Deries. Ek waard hy ferline jier Europeesk en Dútsk kampioen.