Undersyk nij AZC Dongeradiel

21 jan 2010 - 20:16

Boargemaster en wethâlders fan Dongeradiel wolle ûndersykje oft der in nije fêstiging fan in AZC mooglik is binnen de gemeente. Dongeradiel wol graach meiwurkje oan de opfang fan asylsikers, mar dat wie net mear mooglik op de lokaasje yn Dokkum.

Op 1 oktober ferline jier is dit grutste sintrum fan Fryslân ticht gien. It COA seit dat der ferlet is fan opfang binnen de gemeente Dongeradiel. It kolleezje wol sjen oft der geskikte lokaasjes binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)