Searje tegels Alvestêdetocht

21 jan 2010 - 16:46

It Frysk tegelfabryk De Albarello yn Menaam komt mei in searje Alvestêdetegels op 'e merk. It giet om in ambachtlike tegel dy't yn it eigen fabryk makke wurdt. Werkenbere plakken fan alle alve stêden binne op de tegels te sjen.

Keunstner Fons Hoiting hat de ûntwerpen foar de Alvestêdetegels makke. De tegels binne fan tongersdei ôf te keap op 'e ynternetside Spreuktegel.nl.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)