Caravana hopet op mear folk

21 jan 2010 - 15:00

De kampear- en kempingbeurs Caravana yn it WTC Expo yn Ljouwert hopet dat der mear besikers komme as ferline jier. Ferline jier kamen der 45.000 minsken. De Caravana is tongersdei iepene yn bywêzen fan boargemaster Crone.

De beurs wurdt dit jier foar de 50e kear hâlden. Foarhinne wie de Caravana yn Súdlaren, mar de lêste jierren is it yn Ljouwert. De trend is dat der minder útjûn wurdt oan fakânsjes. Kampeare is lykwols wol hiel populêr.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)